Tin iis
8.50

Direct downloaden

De roman Tin iis is ien fan de meast wurdearre boeken út de Fryske literatuer. Haadpersoan is Klaske Jagersma, 14 jier yn 1942. Har âlder suske Dineke sit yn it ferset en sels wurdt sy dêr starichwei ek yn behelle. It ferhaal giet ek oer de wederwaardichheden fan de famylje Jagersma dyt it hûs iepenstelt foar ûnderdûkers dyt dêr koarter of langer tahâlde, om te begjinnen it joadske famke Anneke. Yn har biografy Foar alles is in tiid út 2006 seit de skriuwster dat se har lilk makke om it feit dat nei 1945 de rol fan de frou yn de oarloch ûnderbeljochte bleaun wie. Tin iis wie ek bedoeld om dêr wat yn te feroarjen. De earste printinge ferskynde yn 1981, de fyfde yn 2005. Tiny Mulder makke sels in oersetting yn it Hollânsk, Gevaarlijk ijs. In roman dyt de jongerein fan dizze tiid, dyt de besetting net trochmakke hat, oansprekke sil. Der kin har wat dat oanbelanget net gau in better boek yn hannen jûn wurde, omdat it sa autentyk is. Piter Terpstra yn it Frysk Deiblêd Tiny Mulder (1921-2010) kaam op har trettjinde yn Drachten te wenjen. Yn de oarloch rekke se yn it ferset behelle as koerierster. Nei de oarloch waard se sjoernalist en literêr kritikus by it Friesch Dagblad. Se waardwurdearre om har selsstannich en kritysk oardiel. Tiny Mulder skreau gedichten, berneboeken, ferhalen en twa romans. Yn 1986 krige se de Gysbert Japicxpriis.

0 | 0

  • : Tiny Mulder
  • : Elikser B.V. Uitgeverij
  • : 9789089547101
  • : Fries
  • : eBook
  • : 252
  • : december 2014
  • : 1
  • : 1 x 1 x 1 mm.
  • : ePub met digitaal watermerk - 2
  • : Klassieker; Tweede Wereldoorlog fictie